Stjelp Terkaple yn âlde eare

02 okt 2010 - 12:49

In fertutearze stjelp yn Terkaple wurdt restaureard. De famylje Andringa kocht in moanne lyn it Ryksmonumint oan de Buorren. It hat nei it ferstjerren fan de boer twa jier leech stien.

Der moat in soad dien wurde, lykas fundaasje, dak, muorren, ruten en doaren. Der komt in spesjale oannimmer foar. De twahûndert jier âlde stjelp komt werom yn de âlde steat. Der mei fan bûten en fan binnen net folle feroarje mei, de bedstee bliuwt dus.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)