Wer skearapparaten yn Drachten

02 okt 2010 - 12:30

Philips yn Drachten mei yn de takomst dochs wer skearapparaten meitsje. It giet om apparaten yn de midden- priisklasse. No wurde dy noch yn Sina makke, om't de meiwurkers dêr minder hoege te fertsjinjen. De wat djoerdere skearapparaten waarden noch wol yn Europa makke.

Yn Drachten wurdt mear automatisearre, dus spylje de leankosten ek minder swier mei yn de produksjekosten. It fakbûn ferwachtet net dat de produksje ek mear wurkgelegenheid opleverje sil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)