Bewege foar boarstkanker

02 okt 2010 - 12:18

Sa'n 1700 kuierders en 50 hurdrinners dogge sneon mei oan de tocht 'Bewegen voor Overleven'. Dy wurdt hâlden om omtinken te freegjen en jild yn te sammeljen foar de striid tsjin boarstkanker. De tocht is it begjin fan in hiele moanne omtinken foar dizze sykte. De kuiers en dravers binne yn Sint Anne begûn en einigje yn Ljouwert.

Yn it ramt fan de aksje wurdt de Achmeatoer yn Ljouwert alle jûnen rôze útljochte.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)