Alaarm soarchsintrum St. Anne

Yn soarchsintrum De Beuckelaer yn Sint Anne waard freedtejûn grut alarm slein nei in brânmelding. Der wie in soad reekûntwikkeling en de brânwacht sette dan ek mei mear auto's yn. Doe't se it gebou ynkamen waard dúdlik dat de reek feroarsake waard troch oalje dy't lekte op in hite motor yn it mortuarium. Yn it soarchsintrum wenje goed 80 minsken, sân fan har moasten evakueard wurde.
De brânwacht hat de romtes luchte en doe koene de minsken wer yn de keamer.