Dominant Cambuur ferliest

01 okt 2010 - 21:57

Sportklup Cambuur krige freedtejûn tsjin Fortuna Sittard it tredde ferlies fan it seizoen foar de kiezzen: 2-1. De Ljouwerters wiene yn Sittard de bettere ploech. Der wiene ek genôch kânsen, mar skoare wie tsjin de nûmer lêst in poepetoer.

Rick Geenen sette de thúsploech yn de 10e minút op foarsprong. Yn de twadde helte foel de lang ferwachte en fertsjinne lykmakker troch Danny Guijt. Cambuur makke gjin dien wurk, Geenen die dat mei syn twadde goal wol.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)