Premjêre brulboeioargel letter

It brulboeioargel yn 'e Iselmar by Starum
It earste konsert fan it brulboeioargel op woansdei 6 oktober kin net trochgean. It waar spilet muzikant Hoite Pruiksma parten. De toanen en de ritmyk wurde feroarsake troch de weagen fan de mar. Mar omdat der de lêste wike gjin golfslach west hat op de Iselmar hat Pruiksma noch net echt oefenje kinnen.
It ynstrumint is ek foar de muzikant nagelnij en Pruiksma hat de oefentiid dan ek hurd nedich. De premjêre stiet no pland op sneon 9 oktober.