Buro foar partikuliere natoer

01 okt 2010 - 12:43

Partikuliere grûnbesitters dy't natoer beheare wolle moatte help krije fan 'e oerheid om it paad te finen yn it ferskaat yn prosedueres en regelingen. Organisaasjes as Staatsbosbeheer en it Fryske Gea beheare ek natoer en krije dêr jild foar. Provinsje en ryk wolle boeren de kâns jaan dat ek te dwaan.

Mar yn de praktyk is dat net ienfâldich. Deputearre Konst wol helpe troch der in buro foar yn it libben te roppen nei foarbyld fan it al besteande buro kavelruil.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)