Akwadukt wurdt 'oanklaaid'

01 okt 2010 - 12:16

De omjouwing fan it Jeltesleat-akwadukt by Jutryp/De Hommerts wurdt oanpakt. Keunstner Ben Raaijman moat it plak wer oantreklik meitsje foar ynwenners en toeristen.

Op it plak komme in soad minsken om te genietsjen fan it útsjoch, it lânskip, it farferkear en it wetter. Begjin jannewaris sil Raaijman syn plannen presintearje foar it oanklaaien fan de taluds en de omjouwing fan it akwadukt.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)