NHL: 4 persint mear studinten

It nije gebou fan de NHL
De Noardelike Hegeskoalle yn Ljouwert NHL hat dit stúdzjejier mear studinten ynskreaun as ferline jier. Neffens in wurdfierder fan 'e NHL giet it om in groei fan sa'n fjouwer persint.
Om hoefolle nije studinten it krekt giet wurdt oer twa wike bekend makke. De meast populêre nije stúdzje liket ekonomy en managemint te wêzen. Van Hall Larenstein hat dit jier 6,6 % mear earstejiers studinten en Stenden krekt sa'n fjouwer prosint minder.