Stien troch rút yn Bûtenpost
Unbekenden hawwe in stien mei de tekst 'jodehoer' by in famylje yn Bûtenpost troch de ruten smiten. Dat barde woansdeitenacht.
De slachtoffers sizze dat se faker bedrige binne. De plysje befestiget dat der oanjefte dien is, mar wol no earst ûndersykje wat der krekt oan de hân is.