Megawynmûnen by Mitselwier

In soad publyk kaam op it riedsbeslút ôf
De gemeenteried fan Dongeradiel hat tongersdeitejûn ynstimd mei de bou fan seis hege wynmûnen by Mitselwier, noch foardat der in konkrete oanfraach leit. De turbines wurde tusken de 80 en 100 meter heech.
De seis grutte mûnen moatte alle âlde frijsteande mûnen yn de gmeente Dongeradiel ferfange, omdat se mear stroom opwekke as de lytse mûnen byinoar. Der is in soad wjêrstân tsjin de bou fan de megaturbines.