Regearakkoart: Galema posityf

Fryslân komt der goed ôf yn it nije regearakkoart. Dat fynt deputearre Galema. De provinsjes krije gjin ekstra koartings, neist de earder oankundige 300 miljoen.
De wetterskippen krije mear foech en it Frysk moat feilichsteld wurde. Fierders moatte de provinsjes harren beheine ta de kearntaken romte, ekonomy en natoer. Kultuer wurdt net neamd. Der komt mear jild foar nije diken en der komme 3000 nije plysjeminsken by.