'Minder oanjeftes by plysje'

30 sep 2010 - 16:00

It sluten fan lytsere plysjeburo's sil as gefolch hawwe dat minder minsken op it plattelân oanjefte dwaan sille. Dat seit boargemaster Gerard van Klaveren fan Weststellingwerf. Omdat de plysje 8,5 miljoen besuniget bliuwe allinnich de buro's yn Ljouwert, Drachten, Snits en It Hearrenfean iepen. Dêrtroch ferdwine 144 arbeidsplakken.

Ynwenners fan Wolvegea moatte tenei oanjefte dwaan op it buro fan It Hearrenfean, of op ynternet. Van Klaveren fynt dat in minne saak.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)