Skoaljeugd mei karabyn bedrige

De slûzen fan Koarnwertersân (foto: Omrop Fryslân)
In groep skoaljeugd is woansdei by Koarnwertersân mei in karabyn bedrige troch in 53-jierrige man út Medemblik. De jongerein wie by de slûzen fanwege in ME-oefening fan 'e plysje. Dêr waarden ek ierpels by brûkt.
By it passearjen fan in sylskip ûntstie rúzje tusken de minsken op it skip en de skoaljeugd. Dêrnei waard troch beide partijen mei ierpels smiten. De man út Medemblik rjochte doe it wapen op de jongerein.