NAM-rapport oer grûnfersakking

De grûnfersakking troch gaswinning út NAM-fjilden yn 'e trije noardlike provinsjes ferrint foar it grutste part neffens de ferwachtings. Dat docht bliken út in fiifjierlikse prognoaze fan de Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM).
Yn Fryslân is de situaasje wol wat feroare yn fergelyk mei fiif jier lyn. Sa sil de grûn by Tytsjerksteradiel krekt wat mear sakje. Yn 'e omkriten fan Eanjum is it wer wat minder as fiif jier lyn berekkene is.