'Spandoekferbod belachlik'

30 sep 2010 - 12:31

Supporterferienings fan SC Hearrenfean fine it belachlik dat se gjin grutte spandoeken mear meinimme meie. Ferline wike tiisdei gie it mis by in wedstriid tsjin FC Emmen. De direksje fan SC Hearrenfean stjoerde dêrop in brief nei alle fans dy't dêrby wiene. Dêryn stiet dat der hieltyd faker fans binne dy't harren misdrage.

Ien fan 'e maatregels is it ferbod op grutte spandoeken by wedstriden. De supporters fine dat se it belije moatte om in lyts groepke misdragers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)