Boekemoanne: ferkeap gelyk

Troch de Moanne fan it Fryske Boek is de ferkeap fan Fryske boeken net omheechgien. De temamoanne rint noch oant dit wykein. Hiel septimber stie it Fryske boek sintraal yn in soad biblioteken en kulturele ynstellings. Doel is om de Frysktalige literatuer mear oan de man te bringen.
De Moanne fan it Fryske boek wurdt sneon ôfsletten mei in slotevenemint. Dan wurdt ek de Sulveren Twicht útrikt, de priis foar it bêste gedicht op Twitter.