Stasjonsrestauraasje ticht

30 sep 2010 - 12:05

De stasjonsrestauraasje yn Ljouwert is fan freed ôf definityf ticht. Om alve oere tongersdeitemoarn waard it lêste bakje kofje skonken. Der komme hieltyd minder klanten en it gebou is der ek net goed oan ta. Sadwaande hat de NS besletten de saak te sluten. Der komt no in Albert Heijn To Go yn foar de lytse boadskippen foar ûnderweis.

De sluting fan 'e stasjonsrestauraasje is in histoarysk momint. Sûnt de bou fan it stasjon yn 1863 is it no net mear mooglik dêr kofje te drinken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)