Kramers nije korpssjef plysje

Nathalie Kramers wurdt definityf de nije korpssjef fan de Plysje Fryslân. De 44-jierrige Kramers is al in goed jier direkteur fan it mienskiplik tsjinstesintrum fan de plysje yn Fryslân, Grinslân en Drinte. Se folget Magda Berndsen op dy't no yn de Twadde Keamer sit foar D66.
Kramers wie earder plakferfangend korpssjef fan Grinslân. Se giet fan freed ôf oan 'e slach as korpssjef yn Fryslân. It nijs fan 'e opfolging is tongersdei bekend wurden.