Dronken automobilist naait út

30 sep 2010 - 10:46

In 27-jierrige Ljouwerter is woansdei mei help fan pepperspray oanhâlden. Hy waard troch in motorplysje oan 'e kant set om te blazen. De Ljouwerter hie tefolle dronken en moast mei nei it plysjeburo. De man naaide lykwols út. De plysjes krigen him efkes letter te pakken. Mei pepperspray waard er pas wer in bytsje rêstich.

Op it buro wegere de Ljouwerter mei te wurkjen oan in ademanalyze. It die bliken dat syn rydbewiis al goed in jier ferrûn wie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)