Spookride by achterfolging

De plysjekorpsen fan Fryslân en Flevolân hawwe woansdeitenacht jacht makke op in man (34) sûnder fêst wen- of ferbliuwplak. Hy soe fan in yndustryterrein yn Boalsert autobannen en felgen stellen hawwe.
By de achterfolging hat de fertochte spookriden oer de A6 en waard der mei goed 180 kilometer yn 'e oere oer de sneldyk riden. In frachtauto moast libbensgefaarlik útwike en begûn dêrby te slingerjen. Uteinlik is de fertochte arrestearre. Hy sit noch fêst.