Motorrider slim ferwûne

In 54-jierrige man út Ljouwert is woansdei slim ferwûne rekke by in oanriding op 'e Oostergowei yn syn wenplak. It slachtoffer ried op syn motor in t-splitsing op en krige gjin foarrang fan in 26-jierrige autobestjoerder fan Frjentsjer.
De motorrider besocht noch de auto te ûntwiken, mar gie dêrby ûnderút. Hy rekke slim ferwûne oan 'e holle en is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht.