Omrop rikt Simmerprizen út

Op de foto steane de 5 winners en Arne Brouwers fan Haaima
De fiif winners fan 'e Simmer yn Fryslân-haadprizen hawwe woansdei harren priis oerlange krigen yn it mediakafee fan de Omrop. It giet om de winners fan ús Skûtsje-, Fierljep-, en PC-pool. By eltse pool koe in iPad fertsjinne wurde.
De skûtsjepool waard wûn troch Klaske Kamstra fan De Gordyk, de fierljeppool troch Sylvia Schalekamp fan Gytsjerk en de PC-pool troch Johannes Miedema fan Boalsert.