'Wer gearwurking PvdA en CDA'

De Partij van de Arbeid en it CDA sille elkoar ea wol wer ris treffe yn in kabinet. Dy ferwachting spruts PvdA-Keamerlid Diederik Samson woansdeitejûn út op in gearkomste fan syn partij yn Drachten.
Nei de fal fan it kabinet Balkenende 4 liket it nea wer goed te kommen tusken de PvdA en it CDA. Samson tinkt dat beide folkspartijen de ambysje hawwe om it lân byelkoar te hâlden en dat gearwurking op dat punt no of oars yn de takomst wis mooglik is.