Skylger foet fan man út Hull

De foet dy't op sneon 11 septimber fûn is op it strân fan Skylge is fan in man út it Ingelske Hull, dy't sûnt novimber 2008 fermist waard. Dat docht bliken út ûndersyk fan de KLPD en de Ingelske plysje.
Kuierders troffen de oerbliuwsels fan de foet oan yn in skoech. Yn Hull wie in moanne earder de oare foet oantroffen. Ut DNA-profyl hat bliken dien dat it om de man út Hull giet. De plysje tinkt foarearst net oan in misdriuw.