Caparis oan it wurk by It Fean

29 sep 2010 - 18:56

Sosjale wurkfoarsjenning Caparis sil mei yngong fan novimber de gebouwen fan Sportklup Hearrenfean skjinmeitsje. Ek sil SC Hearrenfean alle post fan de klup besoargje litte troch minsken fan Caparis.

De oerienkomst smyt Caparis in soad wurk op en SC Hearrenfean wol sa syn maatskiplike ferantwurding nimme. Tongersdei sil it kontrakt tusken beide partijen tekene wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)