Befeiliger mei mes bedrige

29 sep 2010 - 11:42

In Grinzer (43) is tiisdeitenacht yn Ljouwert oanhâlden. Hy wurdt fertocht fan bedriging. De man woe sliepe yn in leechsteand gebou oan de Van der Nootstrjitte, mar hie der gjin tastimming foar. Doe't in befeiliger him dêr op oanspruts, pakte er in stanleymes. Dêrmei bedrige er de befeiliger.

De man is nei it plysjeburo brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)