Mei ferve bespuite yn Boalsert

29 sep 2010 - 11:29

In famke (17) is tiisdei yn Boalsert mei ferve bespuite. Se fytste mei har freon oer de Gysbert Japicxleane doe't in auto neist har begûn te riden.

It famke fielde dat se mei in bitende stof bespuite waard. Yn panyk stoppe se en sloech de hannen foar de eagen. Doe't se har hannen beseach, wiene se folslein read. Se tocht dat it bloed wie, mar it wie ferve. Ek de freon (23) hie ferve op 'e klean. De auto ried hurd fuort. Mooglik wie der in twadde auto by belutsen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)