Frou mei skoech op holle slein
In frou (25) is tiisdeitejûn yn Ljouwert mishannele. De frou út Ljouwert waard yn in bedriuw op de Weaze in pear kear mei de nullehakke fan har skoech tsjin de holle slein troch in man dy't net tefreden wie oer har tsjinsten. De ûnbekende man is útnaaid.
It slachtoffer rekke ferwûne oan de holle. Se hat oanjefte dien. De plysje ûndersiket de saak.