OV-chipkaart yn desimber brûke

De strippekaart ferdwynt út Fryslân. De provinsje wol dat minsken fan 23 desimber ôf allinne mei in OV-chipkaart yn it iepenbier ferfier reizgje kinne.
It Ministearje fan Ferkear moat noch in beslút nimme oer it fersyk fan de provinsje. Ferfierders Qbuzz en Connexxion soargje derfoar dat op ferskate plakken yn de provinsje oplaadpunten foar de kaart komme. Op 23 desimber geane ek Grinslân en Drinte oer op de OV-chipkaart.