Dieven yn Ljouwert oppakt

© Omrop Fryslân
De plysje hat tiisdei by in winkel oan De Centrale yn Ljouwert twa mannen oanhâlden op fertinking fan stellerij. Personiel fan in winkel trappearre de mannen út Grins (39) en Amsterdam (47)doe't se in laptocht besochten mei te nimmen. De plysje waard warskôge en koe it duo oanhâlde.
De mannen ha beide al faker te krijen hân mei de plysje. Se sitte noch fêst.