Oerfal wenning yn Ljouwert

28 sep 2010 - 20:59
  • Oerfal Harnzerstrjitwei (foto: Robertjan Boonstra)

In âldere man (72) út Ljouwert is tiisdeitejûn it slachtoffer wurden fan in gemiene oerfal yn syn wenning oan de Harnzerstrjitwei. Twa jonge manlju drongen om healwei njoggenen syn wenning binnen.

De twa donkere jonges hiene in helm op mei dêrûnder in masker. De âldere man rekke ferwûne by de oerfal en is oerbrocht nei it sikehûs. In burgernetaksje smiet neat op. Ferskate resjersjeurs ûndersykje de saak. De dieders makken in pear hûndert euro bút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)