Ljouwerter dak moat 'griener'

28 sep 2010 - 20:04
  • It dak moat 'griener' yn Ljouwert

Te min Ljouwerters meitsje oant no ta gebrûk fan in subsydzjemaatregel om it dak fan harren hûs of bedriuw 'grien' te meitsjen. Yn de earste oardel jier fan de subsydzjeperioade, foldogge mar 3 fan de 15 oanfregers oan de easken. De gemeente Ljouwert wol graach dat har ynwenners de dakken grien meitsje.

Troch de oanlis fan bygelyks mos bliuwt it reinwetter op it dak lizzen en rint it net troch de reinpiip nei ûnderen. Dat is better foar it miljeu en de reinpiip rint minder skea op.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)