Tipjild foar ynbraak Flaman

28 sep 2010 - 18:54

Dejinge dy't fertelle kin wa't der begjin septimber ynbrutsen hat by restaurant Flaman op Skylge kin 10.000 euro tipjild krije. Eigner Douwe Wiegman wol it jild jaan, omdat de oerfal bot fan ynfloed west hat op syn famylje en bedriuw.

Nei alle gedachten ha it bekenden west dy't sa'n 30.000 euro meinaam ha, want der binne neffens Wiegman net in soad minsken dy't witte wêr't it jild te finen is.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)