Molukkers bewake tsjerke sels

De Molukkers sille de Molukske tsjerke yn Easterwâlde ek sels bewake. In groep fan tritich minsken hâldt it gebou nachts yn 'e gaten. De eigen bewaking komt boppe-op de ekstra patrûiljes fan 'e plysje. Yn 'e Molukske mienskip is grutte ûnrêst ûntstien nei brannen by Molukske sintra yn Hoogeveen en it Twintske Nijverdal. Vice-foarsitter Jan Betten fan de tsjerkeried yn Easterwâlde seit dat de soargen grut binne yn de Molukske mienskip.