Nije ploech Niek Hooghiemster

Niek Hooghiemster wint yn juny de Kerspelen (Sportfoto.nl)
Niek Hooghiemster giet syn âldere broer René achternei nei it Ubbink-Koga Cycling Team. De hurdfytser út Oentsjerk ried it ôfrûne seizoen foar De Friesche Leeuw. Hooghiemster sil benammen op de dyk fytse. Omdat syn nije ploech ek in protte oan it baanhurdfytsen docht, sil er him dêr ek op talizze.
It ôfrûne seizoen helle it 20-jierrige talint trije oerwinnings: de Ronde fan de Kerspelen, de omloop Wegberger Grenzland Rennen yn Dútslân en Burdaard.