Rjochtsitting saak-Nij Beets

Rjochtbank Ljouwert (foto: Omrop Fryslân)
Foar de rjochtbank yn Ljouwert tsjinnet op 16 novimber de saak tsjin de 26-jierrige Sietske H. fan Nij Beets. Sy wurdt fertocht fan it ombringen fan fjouwer lytse poppen fan harsels. Dy hie se yn fjouwer koffers op souder dien.
De rjochtsaak is in saneamde proforma-sitting. De saak wurdt dan noch net ynhâldlik behannele. It is noch net dúdlik oft Sietske H. sels ek oanwêzich is op 'e sitting.