Mooglik aksjes yn transport

Foto: Omrop Fryslân
De kâns is grut dat frachtweinsjauffeurs aksje fiere foar in nije cao. Al njoggen moanne lang wurdt tusken wurknimmers en de fakbûnen praat oer nije ôfspraken, mar oant no ta sûnder resultaat.
Wurkjouwers wolle in cao foar twa jier mei in leansferheging fan 1 persint fan 1 jannewaris ôf. De fakbûnen wolle mear leansferheging. Dêrneist moatte útstjoerkrêften dy't itselde wurk dogge as fêste wurknimmers neffens de cao transport útbetelle wurde.