Pinebestriding mei stroom

28 sep 2010 - 15:12

It MCL yn Ljouwert wreidet de metoades en middels foar de bestriding fan pine út. Alle jierren komme mear as tûzen pasjinten nei it 'Sintrum foar pinebehanneling' en it wurde hieltyd mear. Dêrom set it sikehûs ekstra ferpleechkundigen, in ekstra dokter en nije techniken yn.

In foarbyld fan in nije technyk is it brûken fan elektryske stroom by it jaan fan medisinen. De medikaasje kin op dy wize op ien spesifyk plak tatsjinne wurde.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)