Rotterdammer wer frijlitten

De plysje Haaglanden hat de 30-jierrige Rotterdammer frijlitten dy't fertocht wurdt fan 'e sjitterij dêr't in 22-jierrige man út Sint Anne by delsketten is. De Fries waard sneon op it parkearplak by swimbad De Fluit yn Leidschendam yn 'e rêch sketten.
De plysje hâlde fuort dêrnei de Rotterdammer oan. Sa't no bliken docht, hat de man der neat mei te krijen. De man út Sint Anne rekke swier ferwûne. Hy is opereard en syn tastân is stabyl.