Sybren Jansma net nei Monako

Bobslider Sybren Jansma sil net útkomme foar it team fan Patrice Servelle út Monako. Servelle en it sportbûn fan Monako kinne it finansjeel net klear krije. Der is al in Kanadees oanlutsen en it budzjet is net grut genôch om Jansma der ek by te heljen.
Foar Jansma komt de sport no earst op it twadde plak. Hy rjochtet him op in maatskiplike karriêre. Hy hopet dizze winter noch wol in pear wedstriden te slydzjen mei piloat Edwin van Calker.