Gearwurking eko-produsinten
Tsien produsinten fan ekologyske produkten yn Fryslân besykje mei-elkoar mear klanten foar de produkten te krijen. Dat dogge se mei in nij gearwurkingsferbân dat wurkje sil ûnder de namme 'Frysk EKO-produkt'.
By de tsien sitte ûnder oare in moolder, in plomfeebedriuw, in bakker en in slachter. Doel is om dy groep grutter te meitsjen.