Hynstewein klapt op fangrail

28 sep 2010 - 12:23

In 40-jierrige ynwenner fan Achlum is moandeitemiddei in hynstewein kwytrekke by in ûngelok op 'e A31. By Harns brocht de wein achter de auto oer in lingte fan 40 meter in soad skea ta oan 'e fangrail. De wein sloech nei de botsing oer de kop.

De bestjoerder ried troch, mar melde him letter by de plysje. Neffens de man koe er mei it each op 'e ferkearsfeiligens de auto net oan 'e kant sette.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)