Ontromming kreakers driget

Kreakers yn Fryslân sille ek de gefolgen fernimme fan 'e nije kreakwet. Fan freed 1 oktober ôf is it kreakjen fan gebouwen strafber. De stêd Amsterdam sil dan ûntromje.
Yn Ljouwert beslute de ferantwurdliken woansdei oer hoe mei de nije wet om te gean. Dat binne de plysjesjef, de haadoffisier fan justysje en boargemaster Crone. Yn Ljouwert sitte kreakers yn in gebou dêr't eartiids it romrofte Friesch Koffiehuis yn siet by de eardere Mercuriusfontein.