Doarpsenkête Eaststellingwerf

© Omrop Fryslân
De gemeente Eaststellingwerf wol witte wat de ynwenners fan it eigen doarp fine om yn te wenjen. Om dêrachter te kommen, wurde freed goed 2500 enkêtes ferstjoerd oan samar in tal minsken.
Minsken wurdt frege hoe bot oft sy harren omjouwing wurdearje om yn te libjen en wat better kin. Ein dit jier moatte de resultaten fan it ûndersyk bekend wêze.