Hurddraverijklup ûnderskieden

© Omrop Fryslân
Hurddraverij- en renferiening De Jouwer hat de keninklike earepenning krige út hannen fan boargemaster Bert Kuiper fan Skarsterlân. De feriening bestiet 125 jier en organisearret de hurddraafwedstriid De Gouden Swipe en in draverij op 'e dei fan 'e Jouster Merke. Beide eveneminten lûke altyd in soad taskôgers.
Neffens de Feriening Nederlânske Draf- en Rensport nimt de Jouster feriening in wichtige posysje yn by it rekreative sirkwy.