Fideoklip lipdub op NHL

28 sep 2010 - 10:28

Op de Noardlike Hegeskoalle yn Ljouwert wurdt ynkoarten in lipdub opnaam. Studinten playbacke en dûnsje op in sels útsocht nûmer. Dat wurdt achterinoar yn ien kear opnaam.

It idee foar de NHL-lipdub komt fan studint Anne-Jan de Jong. Hy docht de oplieding Communication & Multimedia Design. Mei it organisearjen fan 'e fideoklip-yn-ien-shot hopet er genôch punten te heljen om ôfstudearje te kinnen. De opname is op 29 oktober. Dielnimmers kinne harren noch opjaan.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)