Weststellingwerf besuniget

27 sep 2010 - 21:06

De Westellingwervers moatte nei 2011 de broekriem oanlûke. De gemeente Weststellingwerf wol fjouwer miljoen euro besunigje. Benammen de amtlike organisaasje wurdt hurd troffen. Dy moat ien miljoen euro ynleverje en dat betsjut dat der banen op it gemeentehûs yn Wolvegea ferdwine.

Fierders wurdt ûnder oare acht ton fuorthelle by it ûnderhâld fan de iepenbiere romte en wurde de subsydzjes koarte mei 10%.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)