De Kast op nûmer 3

27 sep 2010 - 16:39
  • De CD-presintaasje fan ôfrûne freed

Welkom Thuis, it nije album fan De Kast, is op nûmer trije binnenkommen yn de list fan de bêst ferkochte CD's fan Nederlân. De plaat is ôfrûne freedtejûn presintearre yn it Abe Lenstra Stadion op It Hearrenfean.

Doe waarden direkt al 5000 eksimplaren ferkocht. De Kast moat allinnich de nije albums fan Ilse de Lange en Phil Collins foargean litte. Ek mei de earste single 'Helende Liefde' fan it nije album giet it goed, sa lit it management fan de band witte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)