Nije gemeente: De Friese Meren

27 sep 2010 - 16:02
  • De nije gemeente 'De Friese Meren'

De Friese Meren is de wurknamme foar de fúzjegemeente dy't bestiet út Gaasterlân-Sleat, Lemsterlân en Skarsterlân. Dy gemeenten presintearren moandei har plannen foar de fúzje op 1 jannewaris 2013.

Nije wike woansdei stimme de gemeenterieden fan de trije gemeenten oer it weryndielingsadvys, de namme en it trajekt. De provinsje Fryslân is net entûsjast oer it foarstel. De provinsje soe graach Hearrenfean by de weryndieling belûke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)